Plysje pakt koperdief op

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is in man (26) oanhâlden omdat er in koperen bliksemôflieder fan in flat oan de Ikestrjitte yn Heechterp stellen hie. In bewenner hie de man betrape, mar dy naaide hurd út. De plysje begûn gau mei in syktocht.
Yn de boskjes fûnen se twa tassen en in jas. Yn dy jas sieten papieren mei de namme fan de dief. Doe't de fertochte koart dêrnei syn guod út de boskjes helje woe, koe de plysje him oanhâlde.