Grindheim yn basis Hearrenfean

Grindheim nei alle gedachten yn 'e basis Hearrenfean
Christian_Grindheim begjint freed yn de wedstriid tsjin Grins nei alle gedachten yn 'e basis. Hy ferfangt Geert_Arend_Roorda dy't útskeakele is troch de sykte fan Pfeiffer.
Verbeek woe tongersdeitemoarn de opstelling net bekendmeitsje, mar it liket derop dat SC_Hearrenfean, op Roorda nei, mei deselde spilers begjint as tsjin NAC Breda. Dat betsjut dat Jakob_Poulsen op de bank sit en Roy_Beerens basisspiler is.