Grut ferskaat yn Easterskar

© Omrop Fryslân
Yn natuergebiet Easterskar briede mar leafst 86 ferskillende fûgelsoarten. Tweintich dêrfan, lykas de reiddomp, binne sa seldsum dat se op in reade list fan bedrige soarten stean. Dat docht bliken út ûndersyk fan ekologysk advysburo Altenburg_&_Wijmenga yn opdracht fan behearder It_Fryske_Gea.
Neffens It_Fryske_Gea toant it ûndersyk oan dat it natuergebiet fan lanlike betsjutting is.