Geheime proef @Home mei digitv

© Omrop Fryslân
Kabelmaatskippij @Home hat de lèste twa wike yn it geheim in proef dien mei de digitale tillevyzje fan 'e abonnees op De Gordyk en omjouwing. De 4000 abonnees krigen in folle bettere byld- en lûdskwaliteit om te sjen hoe 't de apparatuer derop reagearje soe en wat minsken fan de feroaring fernimme soene.
Mar tweintich minsken bellen mei klachten, in oanwizing dat by harren in bettere bekabeling nedich is.