Tsjerkeklok De Harkema swijt

Tsjerke fan De Harkema
De klok fan de grifformearde tsjerke fan De Harkema kin foarearst net let wurde. De konstruksje dêr't de klok yn hinget, is tige wif. De befestigingspunten op de draachbalken kinne samar stikken gean, sa is dúdlik wurden nei ûndersyk. Dat makket it lieden fan de klok ûnferantwurde.
By in breuk yn de klokkestoel kin de klok samar nei ûnderen falle. Der wurdt wurke oan plannen om de boel wer op te knappen.