Snits spilet lyk tsjin Lienden

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser Snits spile op it eigen fjild tsjin Lienden, de ploech fan Hans Kraaij jr. It waard in 1-1 lykspul. Yn de fyftjinde minút fan de earste helte makke Wybren Visser út in fantastyske frije traap de 1-0 foar de Snitsers.
Lienden makke yn de earste helte de lykmakker. Yn in oantreklike twadde helte gongen beide ploegen foar de winst, mar de 1-1 stie nei 90 minuten noch op it skoareboerd.