Soad ynteresse foar De Hemmen

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits sit yn de mage mei de grutte belangstelling foar bedriuweterrein De Hemmen yn de stêd. Op it stuit wurdt wurke oan de oanlis fan it twadde part fan it bedriuweterrein oan de râne fan Snits, mar dat sit eins al wer folslein fol.
Der wurdt sa'n tsien hektare oan bedriuweterrein yn it jier ferkocht. Dêrom moat meikoarten al neitocht wurde oer De Hemmen 3 en miskien sels in De Hemmen 4.