Flyers nei finale play offs

Byld fan de wedstriid fan sneon
De Vadeko Flyers hawwe har pleatst foar de finale fan de play offs. De Flyers wûnen sneontejûn mei 4-1 fan Den Haach. De Flyers kamen dêrmei ek mei 4-1 foar oer fiif wedstriden en dat is genôch. De perioadestannen wienen 1-0, 1-0 en 2-1.
It is noch net bekind tsjin wa't de Flyers de finale spylje. Geleen en Tilburch stride om in plak yn de finale. Tlburch stiet nei fiif wedstriden mei 3-2 foar.