Winst foar SC Hearrenfean

Sulejmani makke twa goals
De Sportklub Hearrenfean hat sneontejûn mei 3-0 wûn fan NAC Breda. It wie in terjochte oerwinning. Hearrenfean wie op eigen fjild de bettere ploech. De 1-0 kaam op it boerd troch in eigen goal fan Elschot fan NAC Breda. Sulejmani makke foar it skoft de 2-0.
Yn de twadde helte makke deselde spiler de 3-0. Dat wie ek de einstân. Troch de winst bliuwt Hearrenfean yn de race foar it belangrike fyfde plak.