Cambuur wint fan Haarlem

© Omrop Fryslân
Cambuur is der foar it earst dit seizoen yn slagge om twa kear op rige te winnen. Nei de winst op koprinner RKC in wike earder, waard freed Haarlem mei 1-0 ferslein. Dêrtroch binne de Ljouwerters goed begûn oan de sechde en lêste perioade.
De winnende goal foel tsien minuten foar tiid en waard makke troch Marc Mboua. Cambuur bliuwt nei de oerwinning op it 17e plak stean yn de Jupiler League.