35% winstgroei Friesland Foods

Suvelkonsern Friesland_Foods hat in goed jier achter de rêch. Dat komt trochdat de prizen foar suvelprodukten omheechgien binne. De nettowinst fan 172 miljoen euro is 35% heger as yn 2006. De omset gie omheech nei mear as fiif miljard. It bedriuw is bekend fan merken as Dubbelfris en Friesche_Vlag.
It tal meiwurkers waard yn 2007 lytser. Dat komt neffens it bedriuw benammen troch herstrukturearrings yn Sintraal-Europa.