Brêge moat omleech: te steil

© Omrop Fryslân
De gemeente Frjentsjeradiel hat in stik fan in gloednije brêge ôfseagje moatten, omdat dy oars te steil wurde soe foar de brânwacht en foar fytsers. It probleem is pas by it bouwen oan it ljocht kommen.
De brêge leit tusken de nijbouwiken It War en Witsens yn Frjentsjer yn de Alvestêderûte. Brêgen op dy rûte moatte 2.50 meter heech wêze fanwege de reedriders. Dizze brêge is mar 1.80 meter en dat is it probleem.