Achterstân yn Dantumadiel

© Omrop Fryslân
Troch ûnderbesetting koe Dantumadiel yn 2007 net alle bou-oanfragen op tiid ôfhannelje. Dat hat de rekkenkeamerkommisje fêststeld. Der wiene te min minsken en de oanstjoering fan dy minsken wie ek net goed. Ek by de bou-oanfragen dêr't in wiziging fan it bestimmingsplan foar nedich wie, is in grutte achterstân. De kommisje hat it rapport oan 'e gemeenteried oanbean mei advizen foar ferbettering.