Feanwâlden wreidet út

Ek al hat it doarp de lèste tsien jier 300 ynwenners ferlern, Feanwâlden wol in nij doarpshûs en in nije wenwyk ûntwikkelje. De gemeente Dantumadiel stipet de plannen. Yn de nije wyk is plak foar 58 frije kavels. Doarpsbelangfoarsitter Roel Dijkstra tinkt dat in soad minsken it doarp ferlitten hawwe omdat der gjin boumooglikheden wiene en leaut dat der genôch animo foar is. Foar it nije doarpshûs binne 33 ferienings ûnderfrege, mooglik krijt ek de protestantske tsjerke der in plak.