Ekstra befeiliging mûne De Ryp

De mûne yn de stoarm (Foto: Aise van Beets)
De wynmole op it bedriuwenterrein oan de westkant fan Dronryp wurdt ekstra befeilige. Dat seit eigner Peter Timmer. It terrein waard sneon foar in part ôfset, omdat de mûne yn de stoarm fan 'e rem gien wie. Hy draaide rûn en makke in nuver brommend lûd.
Neffens Timmer wie dat net ûnfeilich. Der hat neffens him gjin gefaar west foar de omjouwing. Wol komt der in tried oan de mole. De mole kin dan by stoarm út de wyn draaid wurde.