Oaljemole hat lêst fan beurs

© Omrop Fryslân
De gloednije oaljemole op yndustryterrein Oostpoort yn Harns hat yn it earste jier fan syn bestean flink lêst fan de ûnrêstige beurzen. De inisjatyfnimmers achter de mole hiene dêr net op rekkene.
By de mole wurdt oalje makke út koalsied. Troch de ûnrêst op de beurs flechtsje grutte belizzers ek yn de oalje. Se kinne har jild dan relatyf feilich belizze. Dêrtroch gean de prizen op en del.