Benzinedieven oanholden

© Omrop Fryslân
Twa manlju fan 41 en 43 jier fan It Hearrenfean binne sneon oanholden foar it stellen fan benzine. De twa hiene de auto fol tankt by in stasjon oan de Haskerútgong. Yn de saak ûntstiene lykwols swierrichheden.
Doe't omstanners har der mei bemuoiden, smiet de 41-jierrige Feanster syn ID-kaart nei de kasjêre en naaide mei syn maat út. Oan de hân fan de ID-kaart koe de plysje de Feanster oanhâlde.