Koudumer leit dronken op dyk

© Omrop Fryslân
In 42-jierrige man út Koudum is tongersdei ferwûne rekke by in ûngelok op 'e Lemmer. In foarbygonger trof de man oan, wylst er op 'e dyk lei te sliepen. De man wie mei syn bromfyts ûnderút gien en nei alle gedachten troch te folle drank yn sliep fallen.
De bromfytser hie ferskate ferwûnings en waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Dêr die bliken dat de man gjin jildich rydbewiis hie.