Minder oanjefte stellen fytsen

der binne minder oanjeftes fan stellen fytsen yn Smellingerlân
It tal oanjeftes fan stellen fytsen yn Smellingerlân is mei de helte ôfnaam. Neffens de gemeente komt dat om't fytsedieven achter de broek sitten wurde. Ek eigners nimme maatregels tsijn stellerij troch de postkoade yn de fyts gravearje te litten.
It kin in fertekend byld wêze want net elkenien docht oanjefte fan in stellen fyts. Ek docht lang net elkenien de fyts ek op slot.