Van der Burg klear foar Ster

Germ van der Burg
Foar Germ van der Burg begjint sneon it hurdfytsseizoen mei de Ster van Zwolle. Ek in protte oare Fryske hurdfytsers sille meidwaan oan dizze iepeningsklassiker oer goed 175 kilometer.
De 30-jierrige ynwenner fan Nijlân hat al meardere kearen de Ster riden. Ferline jier rekke hy nei 15 kilomter belutsen by in grutte falpartij en bruts doe syn earm. Dit jier bringt in nije kâns en dan moat it better.