Fertochte ûntkent noch altyd

© Omrop Fryslân
De fertochte fan 'e likwidaasje yn de Ljouwerter binnenstêd bliuwt nochris 30 dagen langer fêstsitten. De man wurdt derfan fertocht belutsen te wêzen by de dea fan de Ljouwerter ûndernimmer Tevfik Igli. Dy waard op 'e Brol delsketten yn syn auto en ferstoar dêrnei op strjitte.
De fertochte is twa wiken ferlyn troch de plysje oppakt. Hy mei gjin kontakt hawwe mei de bûtenwrâld.