Groep lestige bern oppakt

© Omrop Fryslân
Sân jongeren tusken 13 en 15 jier binne oanhâlden foar ferskate fergripen yn Damwâld en Dokkum. De bern komme út Damwâld en Wâlterswâld. Se soene harren skuldich makke hawwe oan stellerij, geweld en fernielerij. Se sloegen benammen ta yn it winkelsintrum yn Damwâld en by de grutte tsjerke yn Dokkum.
De offisier fan justysje en de Ried foar de bernebeskerming sille bepale wat der mei de bern barre moat.