Kompjûtersysteem wer stikken

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân hat dizze dagen net in soad gelok mei syn kompjûtersysteem. Moandei en tiisdeitemoarn lei it systeem der troch in steuring út.
Oan it begjin fan tiisdeitemiddei tocht de gemeente dat it systeem wer wurkje soe, mar yntusken is it wer stikken. It sil tiisdeitemiddei ek net mear makke wurde kinne. De gemeente hopet dat de problemen woansdei ferholpen binne.