Utbaggerjen Willemshaven Harns

© Omrop Fryslân
It efterste part fan de Willemshaven yn Harns wurdt de kommende tiid útbaggere. Dêr stiet noch mar trije meter wetter en dat moat goed fjouwer en in heale meter wêze. It is alwer skoften ferlyn dat de haven foar it lêst útbaggere is.
De kommende wiken wurdt goed 16.000 kubike meter blauwe drek fuorthelle. It giet om slyk dat net fersmoarge is.