Selsmakke bankje yn Prinsetún

It bankje dêr't in groep jongerein út Ljouwert altyd opsiet yn 'e sinne yn de Prinsetún is op in oar plak set. De gemeente hat in skoft ferlyn del west en it bankje ferpleatst nei in plak yn it skaad.
De jongelju binne it net iens mei it beslút fan de gemeente. Se hawwe sels in provisorysk bankje timmere op it âlde plak yn 'e sinne.