Baron jout skoalle goaltsjes

Blommen foar Baron Van Heemstra
De Van_Heemstraskoalle yn Aldwâld hat twa fuotbalgoaltsjes krige fan Baron Van Heemstra (90). Dy wennet yn Baarn, mar is famylje fan it adelike geslacht dat foarhinne op Fogelsanghstate yn Feankleaster wenne. De skoalle is dêrnei ferneamd.
De baron hat ferline jier alris op 'e skoalle west en woe no wat weromdwaan. Boargemaster Bilker joech it fluitsinjaal en de baron skeat de bal sels yn it doel.