Nijenhuis fol fertrouwen

Beorn Nijenhuis (foto Martin de Jong)
Beorn Nijenhuis hat der alle fertrouwen yn dat hy him dit wykein pleatst foar de wrâldkampioenskippen ôfstannen yn Nagano. Dat moat hy dan dit wykein dwaan by de finale fan de wrâldbeker yn it Thialf-stadion op It Hearrenfean.
En allinnich op de 1500 meter. De konkurrinsje is grut. Simon Kuipers hat him al pleatst, mar ek Mark Tuitert, Erben Wennemars én Sven Kramer meitsje noch kâns.