Skriuwersboun siket bestjoer

It Skriuwersboun siket nije bestjoersleden. De organisaasje dy't opkomt foar de belangen fan Fryske skriuwers hat benammen ferlet fan in foarsitter en in skathâlder.
Gewoanwei bestiet it bestjoer fan it bûn út sân leden, troch ferskate oarsaken heakje dêr in tal fan ôf. By de ledegearkomste fan 29 maart hopet it bûn de nije bestjoersleden beneame te kinnen.