Beammen Saailân net ferplante

it ferplantsjen fan de beammen op it Saailân is te djoer
It ferplantsjen fan de beammen dy't wike moatte foar it nije Saailân, is te djoer. Dat seit it Ljouwerter kolleezje.
PAL/GrienLinks yn Ljouwert hie foarsteld de beammen opnij plantsje te litten yn bygelyks Suderbuorren. It kolleezje hat dy opsje ûndersykje litten. Om't net wis is oft de beammen dat oerlibje, fynt it kolleezje de kosten fan in euroton te heech.