Garyp lulk op Galema

© Omrop Fryslân
Garyp is lulk op deputearre Sjoerd Galema. Dy hat it doarp earder in petear tasein oer de oanlis fan de sintrale as, de dyk fan Dokkum nei de Wâldwei. Galema is dy tasizzing lykwols noch hieltyd net neikaam.
Galema komt tongersdeitejûn nei Garyp foar in kommisjegearkomste en wol dan mei it doarp prate. Der komme op dy jûn folle mear organisaasjes oan it wurd en Garyp tinkt dêrom dat der net genôch tiid is foar in petear.