Soad botsingen troch glêdens

© Omrop Fryslân
De glêdens hat moandeitemoarn foar mear as tsien oanridingen soarge. Rûnom yn de provinsje hat de glêdens automobilisten ferrifele. Troch de botsingen ûntstie in soad blikskea, mar mei letsel foel it ta.
De A31 tusken Harns en Ljouwert hat koarte tiid ôfsletten west om in frou nei in oanriding út har auto te heljen. By Hurdegaryp botsten 4 auto's op inoar. Tusken Heech en Drylts kaam in frou mei de auto yn de feart telâne.