Brânwachtoefening yn bosk

© Omrop Fryslân
De brânwacht hat sneontemoarn in grutte oefening hâlden yn it Drents-Friese Wolt. Yn it natuergebiet waard yn Wateren, krekt oer de grins mei Drinte, in stik heidegebiet yn de brân set. Sa woe de brânwacht oefenje yn it bestriden fan in natuerbrân.
Ek de plysje en Steatsboskbehear ha meidien oan de oefening. It ôfbaarnen fan de heide smiet fierder gjin skea op foar de natuer. It wie sels nedich dat der wat oan de heide dien waard.