Behannelmetoade snotnoas

Bern of 65-plussers dy't lêst hawwe fan in snotnoas, wurde fan no ôf ekstra ûndersocht yn it MCL sikehûs. In soad bern fan twa jier hawwe wolris lêst fan it RS-firus, in djoer wurd foar in snotnoas.
Doel fan it ûndersyk is dat minsken mei it RS-firus better behannele wurde. No is der noch gjin goeie behanneling foar.