Moskito is yn striid mei wet

dit kastke soe yn striid mei de wet wêze
De moskito is yn striid mei de wet. It apparaat jaget hingjongeren fuort mei in hege pyptoan. Dat seit it Ljouwerter advokatekantoar Rotshuizen. Yn Fryslân wurdt it apparaat al yn ferskate gemeenten brûkt. Ljouwert hat seis kastkes pleatst op plakken.
Allinnich jongerein kin de yrritante pyptoan hearre. Op oantrunen fan 'e SP lit minister Rouvoet ûndersykje oft de moskito yn striid is mei de wet. Ljouwert lit de kastkes earst hingje.