Frysk bedriuw helpt bearen

© Omrop Fryslân
Bearen en Europeeske bizons yn de Oekraïne kinne mei Fryske help oer de grins. It ekologysk ûndersyksburo Altenburg & Wymenga út Feanwâlden sil ekologyske ferbiningssônes meitsje. Dêrmei kinne de bisten yn kontakt komme mei bisten út Roemenië en dat foarkomt ynteelt.
It bedriuw docht mooglik ek in skriezeprojekt yn it grinsgebiet fan de Oekraïne en Wyt Ruslân. Derby wurdt de yn Fryslân opdiene erfaring brûkt.