Sûkereiguod yn brûklien

© Omrop Fryslân
De Historische Kring Dalfsen sil sûkerei-guod yn brûklien jaan oan De Sûkerei yn Damwâld.
Dit kultuer-histoarysk sintrum wurdt begjin april iepene. Der wurdt op dit stuit hurd wurke oan de ynrjochting fan trije wâldhúskes en de sûkerei-droegerij. Ek de ynrjochting fan it terrein leit op skema. De sûkerei is in plant dy't eartiids brûkt waard as griente en medisyn.