Eigen foech taal en ûnderwiis

EFA-foarsitster Nelly Maes
Mear autonomy is goed foar Fryslân. De taal soe him sa better ûntwikkelje kinne en ek jout it ekonomyske kânsen. Dat seit presidint Nelly Maes fan de EFA, de European Free Alliance. De EFA komt yn it Europeesk Parlemint op foar lytse regionale partijen lykas de FNP.
Neffens Maas moat Fryslân sa gau mooglik it foech krije oer it underwiis- en taalbelied. De FNP is mei-oprjochter fan de EFA en ien fan de 30 oansletten regionale partijen.