Droechte min foar podden

© Omrop Fryslân
It droege waar sit podden en oare amfibyen yn it paad. Oars binne yn hiel Nederlân om dizze tiid hinne al 120.000 tûzen podden de dyk oerset troch frijwilligers, mar dat is no de helte dêrfan.
It byld fan de poddetrek yn Fryslân is lykwols net oeral likemin. Op de Poostwei by Beetstersweach binne likefolle of sels mear podden teld by de poddetrek. Mar by Ketlik is noch net iens in tredde teld fan wat ferline jier oersetten is.
Wat oare amfibyen oanbelanget is by Noardwâld oant no ta noch mar de helte fan it tal salamanders teld yn fergeliking mei ferline jier. Mar it is ek mooglik dat dy dêr al earder ôfset binne troch it waarme waar yn desimber en jannewaris.