Enkête oer komst ôffaloven

© Omrop Fryslân
De Stichting Afvaloven Nee wol witte wat de bewenners fan Harns, Frjentsjerteradiel, Menameradiel, It Bilt en Wûnseradiel fine fan de komst fan de ôffaloven yn Harns.
De boargemasters fan dizze gemeenten moatte de stimming peile ûnder har bewenners. Dat hat de stifting yn in brief frege. De basis hjirfoar binne de 900 beswieren en 3500 hantekens dy't by de provinsje binnenkommen binne.