Vaatstra-team noch net klear

© Omrop Fryslân
It plysjeteam dat dwaande is mei in nij ûndersyk yn de saak Vaatstra, hat mear tiid nedich foar de analyse fan de moardaak. Sûnt oktober hâlde tsien resjersjeurs oan de hân fan nije opspoaringstechnieken alle dossiers nochris tsjin it ljocht.
It plysjeteam soe dizze moanne mei de risseltaten nei bûten komme en oanbefelings dwaan oan justysje. It team hat lykwols mear tiid nedich om alles op in rychje te setten.