Brantsje appartemint Snits

© Omrop Fryslân
Yn in hûs yn in appartemintegebou oan it Penningkruid yn Snits hat tongersdei brân west. It fjoer wie neffens de brânwacht ûntstien yn it treppehûs. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrole.
Omdat de brân foar ûngerêstheid soarge by de bewenners, hat de brânwacht der ekstra minsken hinne stjoerd. Dy ha it appartemintegebou kontrolearre en de bewenners gerêst steld. Hoe grut de skea fan de brân is, is net bekend.