Jild foar probleemwiken

© Omrop Fryslân
Wenningkorporaasjes stoarte 1,5 miljard euro yn in fûns om de fjirtich probleemwiken op te knappen dy't troch it ryk oanwiisd binne. Dêr heart de wyk Heechterp-Skieringen yn Ljouwert ek by.
Mei it jild dat no beskikber steld wurdt, kinne de plannen foar de wiken útfierd wurde.De wenningkorporaasjes geane der no fanút dat minister Vogelaar de korporaasjes net in heffing mear opleit.