Lanlike CWI-kampanje eilannen

© Omrop Fryslân
It CWI en de rekreaasje-ûndernimmers op de Waadeilannen binne in lanlike kampanje begûn om fakansjekrêften te sykjen. Der wurde in pear hûndert minsken socht dy't tydlik op de eilannen oan it wurk wolle yn hotels, restaurants en op campings.
Trochdat der sa bot ferlet fan minsken is, wurdt lanlik nei personiel socht. Yn maart binne der ynformaasjereizen foar ien dei nei de eilannen, bedoeld foar nije wurknimmers.