Flonder foar katten te wetter

Katten op It Hearrenfean hawwe mear oerlibbingskâns as se yn it wetter falle
Yn 'e Lindegracht op It Hearrenfean komme flonders om katten dy't yn it wetter fallen binne de kâns te jaan te oerlibjen. Foar minsken binne der al foarsjennings yn 'e grêft, mar foar bisten noch net. Kids For Animals hat It Hearrenfean frege om de flonders te pleatsen. De gemeente is dêr posityf oer.
De earste flonder wurdt op 26 maart yn it wetter lein. Kids For Animals hâldt dan in feest op It Hearrenfean.