Heit Mboua komt nei Ljouwert

Cambuurdirekteur Alex Pama hat in opfallende weddenskip wûn. Om't hy derfoar soarge hat dat Marc Mboua syn kontrakt ferlingd hat, soarget in reisburo út Ljouwert derfoar dat de heit fan Mboua nei Ljouwert komt.
Marc Mboua spilet al in pear jier yn Europa, mar syn heit hat him noch nea yn aksje sjoen. By de wedstriden fan Cambuur tsjin ADO Den Haag en Helmond Sport sit de heit fan Mboua op 'e tribune.