Flylân as lêste op lanlik net

© Omrop Fryslân
Mei rom in jier fertraging wurdt Flylân nije wike oanslúten op it lanlik stroomnet. No soarget in sintrale op oalje en gas noch foar de enerzjy. Dy bliuwt noch in skoft beskikber foar de wissichheid.
Fan tongersdei op freed giet earst de stroom der ôf en dêrnei wurdt de nije kabel yn gebrûk naam. Eins soe dat ein 2006 al barre, mar de ûntdekking dat der wat mis wie mei guon lassen yn de kabel, soarge foar in soad fertraging.