Undersyk Middelseegemeenten

© Omrop Fryslân
In ûndersyksburo besjocht hokker gemeentlike tsjinsten de Middelsee- gemeenten noch gearfoegje kinne. Dizze hjerst moat dúdlik wêze wêr't de gearwurking tusken Ljouwerteradiel, It Bilt, Menameradiel en Ferwerderadiel noch fierder yntinsivearre wurde kin.
Troch de 4 amtlike organisaasjes wêr mooglik gear te foegjen, hat de Middelseegearwurking wol de foardielen fan skaalfergrutting, mar kinne de gemeenten dochs selsstannich bliuwe.