Alves makket sneon debút

Afonso Alves krige tiisdei in fisum
Afonso Alves kin sneon yn de thúswedstriid tsjin Fulham syn debút meitsje yn it shirt fan Middlesbrough. De Brazyljaan krige tiisdei syn fisum. Alves koe ôfrûne snein noch net spylje tsjin Newcastle United, om't er syn papieren noch net hie.
Tsjin de âld-spiler fan Hearrenfean rint noch wol in proseduere by de FIFA, de wrâldfuotbalorganisaasje. Dy saak is oanspand troch AZ, omdat Alves ek by AZ in kontrakt tekene hawwe soe.