Fûgels kinne wer yn waskmasine

Fûgelwaskmasine wer makke
By de Fûgelpits yn Moddergat kinne wer fûgels wosken wurde. De spesjale fûgelwaskmasine gie ein ferline jier stikken, mar troch in konflikt mei de leveransier koe er net reparearre wurde. It spesjale wask-apparaat gie hieltyd stikken en de fûgelopfang woe net langer foar reparaasjes betelje.
In partikulier hat de Fûgelpits help oanbean en it apparaat makke. Sa'n fjirtich oaljeslachtoffers sille der dizze wike mei skjinmakke wurde.