Reizger tefreden oer ferfier

Reizgers krigen flyers útdield
It Consumentenplatform Openbaar Vervoer Fryslân, it ROCOV, fierde tiisdeitemoarn aksje op it stasjon fan Ljouwert.
It ROCOV wol fan de reizger witte wat har ûnderfinings binne mei it iepenbier ferfier yn Fryslan. Se wurde útnoege om dat troch te jaan op in spesjale webside. De measte reizigers hawwe lykwols neat te kleien. Se fine de kwaliteit fan it iepenbier ferfier yn Fryslan oer it algemien goed.